Doarpsliet fan Kimswert   

 

1. Yn't noarden fan Fryslân, net fier fan 'e seedyk,

dêr leit in lyts doarpke fol fleur en muzyk.

En elk dy't dêr wennet dy mei dêr wol oer,

want as der wat te rêden is sjongt elkenien fol fjoer:

 

Refrein:

 

Kimswert, ús Kimswert, doarp fan Grutte Pier,

Kimswert, ús Kimswert, wy ha gjin kwea yn 't hier.

Bûter, brea en griene tsiis, fan Fryske klanken fol,

mar wa't dat net goed sizze kin, dy leare wy it wol.

 

2. De toer fan 'e tsjerke dy sjocht alles oer:

de bern yn 'e boarterstún, de amtner en de boer,

it âlde en 't nije, wa't komt wa't giet,

en as der wat te rêden is sjongt elkenien dit liet:

 

Refrein

 

3. Mids boulân en greide en tichtby it waad

dêr leit dan ús doarpke, in stipke op 'e kaart.

Wa't grut is, wa't lyts is, it seit ús gjin sprút,

want as der wat te rêden is sjongt lyts en grut it út:

 

Refrein 2x

 

Meindert & Annie Bijlsma